Kofjebrander wreidet út

29 mrt 2004 - 00:00

Kofjebrander de Drie Mollen yn Boalsert wreidet foar miljoenen euro's út. Der steane no fyftjin masines en dêr komme noch fiif by. Dat smyt 25 banen op. It fabryk leveret kofje foar de measte húsmerken yn Nederlân.

De útwreiding wurdt feroarsake trochdat der hieltyd mear kofje fan 'e goedkeapere húsmerken ferkocht wurdt. Fierders produsearret 'Boalsert' ek foar de populêre kofjepads. It is net sa dat der mear kofje dronken wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)