Nynke Klopstra net nei Atene

29 mrt 2004 - 00:00

It is judoka Nynke Klopstra fan Gytsjerk it ôfrûne wykein yn Estlân net slagge om har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen yn Atene. Klopstra begûn it toernoai fan Tallinn mei winst op Kaliyeva út Kazachstan.

Mar yn 'e tredde ronde wie Bruletova út Ruslân te sterk foar Klopstra. Yn 'e herkânsing ferlear se fan Lusnikova út de Oekraïne. It is no frijwol ûnmooglik foar Klopstra om har noch te kwalifisearjen foar Atene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)