De Jouwer ferliest fan Achilles

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat sneintemiddei mei 3-2 ferlern fan Achilles '29 út Groesbeek. De Jouwer spile tige oanfallend en hie eins mear fertsjinne. It spul waard ek goed breed hâlden.
Yn de lêste offisjele spylminút sette René Geertsma noch de stân op 2-2. Jan-Willem van Benthem fan Achilles naam lykwols fuortdaliks revâns en makke der yn blessueretiid noch 3-2 fan.