Aris wint fan Demon Astronauts

28 mrt 2004 - 00:00

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha sneon yn Amsterdam mei 77-99 wûn fan de Demon Astronauts. Om't konkurrint Early Bird mei 90-67 fan de Groene Uilen wûn, bliuwt de foarsprong fan Aris op de Purmerenders fjouwer punten.

De wedstriid wie eins nei fjouwer minuten al beslist. Aris starte oertsjûgjend en sette de Amsterdamse ploech al yn it earste kwart fan de wedstriid op achterstân. Foaral Lamont Randolph fan Aris wist net fan ophâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)