Hearrenfean wint mei 1-0 fan RBC

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat sneon in neiste konkurrint foar Europeesk fuotbal oan de kant set. Yn it Abe Lenstrastadion wûnen de Feansters mei 1-0 fan RBC. Gerald Sibon makke krekt foar rêst al koppend de iennichste treffer.
Nei rêst bleau de thúsklub oppermachtich, mar krûpte foar tiid in pear kear troch it each fan 'e nulle. Keeper Hans Vonk hold syn ploech lykwols oerein. By de wedstriid wiene 14.700 taskôgers oanwêzich.