Kast yn Coopmanshûs echt âldste

28 mrt 2004 - 00:00

It is no wis. De argyfkast yn museum It Coopmanshûs yn Frjentsjer is echt de âldste kast fan Nederlân. De oant no ta âldst bekende kast wie fan 1620 en stiet yn it Ryksmuseum yn Amsterdam. Dat rekord is no dus troch Frjentsjer brutsen.

Op de kast yn It Coopmanshûs stiet it jiertal 1550. It wie lykwols net bekend oft dy datearring echt wie. Undersyk hat oantoand dat it hout om 1547 hinne kappe is yn de Baltyske steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)