Wâldwei dit wykein ôfsletten

27 mrt 2004 - 00:00

De boukombinaasje Wâldwei besiket dit wykein opnij om de Fonejachtbrêge fan in nije deklaach te foarsjen. Ferline wike noch moast it wurk fanwege hurde wyn útsteld wurde. Fanwege it wurk is de Wâldwei ôfsletten foar it ferkear. Dat duorret oant moandei.

It giet om it stik dyk tusken Himriksein en Garyp, yn beide rjochtingen. Ferkear rjochting Ljouwert wurdt omlaat fia Burgum. Ferkear nei Drachten moat oer It Hearrenfean ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)