Identiteit frou sikehûs bekend

© Omrop Fryslân
It is de plysje slagge om de identiteit fan de 'ûnbekende' frou yn it Antoniussikehûs yn Snits te achterheljen. De frou hie woansdei yn in winkel in oanfal fan epilepsy krigen. Se leit noch yn soarchlike tastân op intensive care.
De frou hie de plysje ferteld dat se út Súd-Afrika kaam, mar it giet gewoan om in frou (35) út Snits. In famyljelid ynformearre de plysje sneon oer de krekte identiteit fan 'e frou.