FNP lid wurden fan EFA

© Omrop Fryslân
De Frysk Nasjonale Partij, FNP, hat ôfrûne freed op in kongres yn Barcelona syn hantekening set foar it lidmaatskip fan in nije Europeeske politike partij: de EFA. Doel is om yn de takomst meidwaan te kinnen oan Europeeske ferkiezings.
De FNP wie yn 1981 ien fan de oprjochters fan de EFA, de European Free Alliance. Dat is in ferbân fan regionale minderheidspartijen yn Europa.