Rjochtsaak oer sâltwinning

26 mrt 2004 - 00:00

De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' hat freed foar de rjochtbank in ûnôfhinklik bûtenlânsk ûndersyk nei de gefolgen fan sâltwinning easke. Freed tsjinne de boaiemproseduere fan 'e aksjegroep tsjin it ministearje fan ekonomyske saken, dat de fergunning foar it boarjen nei sâlt ofjoech.

De aksjegroep sei freed tsjin de rjochter dat der tefolle ûndúdlikheid is oer de gefolgen fan sâltwinning. De datum fan de útspraak is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)