Ferkeap oandielen Nuon mooglik

26 mrt 2004 - 00:00

De kâns dat Fryslân jild krije kin foar de oandielen Nuon is freed in stik tichterbij kommen. It kabinet hat freed in plan oannommen dat derfoar soargje moat dat provinsjes oandielen yn bedriuwen te jilde meitsje kinne. Fryslân hat foar ien miljard euro oan Nuon-oandielen.

De provinsje wol it jild brûke foar de oanlis fan de magneetsweefbaan, de ferbouwing fan it provinsjehûs en it opknappen fan de Fryske marren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)