'Studinten ha tefolle frijheid'

© Omrop Fryslân
Studinten oan de Thorbecke Academie yn Ljouwert krije tefolle frijheid. Ek har begelieding kin better. Dat skriuwt de fisitaasjekommisje fan de HBO-ried nei in besite oan de oplieding.
Neffens in wurdfierder fan Thorbecke ha de studinten tefolle frijheid troch nije ûnderwiismetoaden. Se kinne foar in part sels bepale hoe't se kolleezjes folgje. De kommisje wie te sprekken oer de opleiding bestjoerskunde op de Academie. Dy is de bêste fan Nederlân.