Karmasters nedich foar toaniel

© Omrop Fryslân
Der is grut ferlet fan karmasters. Se moatte de kwaliteit fan amateurtoaniel op peil hâlden. Dy oprop komt fan de Staf, de stifting foar amateurtoaniel Fryslân. Sa'n fiif jier lyn sochten se ek om karmasters. Dat koste doe in soad muoite. In lyts groepke waard oplaat.
No binne der fyftjin plakken beskikber foar minsken dy't de oplieding ta karmaster dwaan wolle. De oplieding bestiet út fiif lessen en tal fan besites oan toanielfoarstellings.