Vriesco wint priis

26 mrt 2004 - 00:00

Vriesco International hat de Couleur Provinciale Fryslân wûn. Dat is in provinsjale priis foar in Fryske wurkjouwer dy't in goed multykultureel personeelsbelied hat. Vriesco krige de priis om't se in soad allochtoanen ha en foar de respektfolle wize wêrop't de wurknimmers mei elkoar omgeane.

De priis, in brûnzen byld, waard útrikt troch trener Foppe de Haan. It bedriuw makket kâns op de lanlike priis Couleur Nationale. De útrikking is yn juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)