'Tichte fjoertoer is gefaarlik'

26 mrt 2004 - 00:00

De fjoertoer op It Amelân moat iepen bliuwe. Dat skriuwt de riedsfraksje fan Algemeen Belang Ameland yn in brief oan ferkearsminister Peijs. Se wol de fjoertoer slute.

Neffens de partij wurdt it ûnfeiliger op see as net ien mear op de fjoertoer sit. Ek tinkt de riedsfraksje dat de drugshannel op de Waadsee tanimme sil, om't hannelers ûngemurken op de eilannen komme kinne. De Amelanners binne tsjin sluting fan de fjoertoer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)