Cambuur: noch 8 wedstriden

© Omrop Fryslân
Cambuur spilet freedtejûn thús tsjin koprinner Eindhoven fan 'e fjirde perioade. Eindhoven wûn de lêste twa wedstriden, Cambuur ferlear de lêste twa en dêrmei is it seizoen foarby foar de Ljouwerters. Ek foar in behoarlike groep spilers sit it seizoen der op. Davy Veltman en Danny van Husen wurde moandei opereard.
Zabih Etamadi hat freed al ûnder it mes west. Ek Ties Heldens en Manuel Bölstler binne lang útskeakele.