Fragen oer Fryske Ensyklopedy

© Omrop Fryslân
Hoe stiet it mei de Fryske Ensyklopedy? De steatefraksje fan ChristenUnie/SGP freget him dat ôf. De Fryske Akademy krige fiif jier lyn opdracht om sa'n ensyklopedy te meitsjen. Oant no ta is dêr neat fan op 'e hispel kaam.
De provinsje hat doe 500.000 gûne jûn oan it projekt. De partij wol witte oft de Akademy noch by steat is om de ensyklopedy te meitsjen. Mooglik kin de Akademy gearwurkje mei in útjouwerij of in ûndersyksburo.