Reorganisaasje gemeentewurk

26 mrt 2004 - 00:00

By de grienfoarsjenning en de ûnderhaldsôfdieling yn Opsterlân geane fiif fan de 38 banen ferlern. Der falle gjin twongen ûntslaggen. Troch effisjinter te wurkjen kin op termyn 200.000 euro yn it jier besparre wurde.

De beide festigingen fan gemeentewurken op De Gordyk en yn Oerterp kinne wol bestean bliuwe. Oan it ûnderhaldswurk sels feroaret net folle. It jild wurdt besparre troch it wurk oars te organisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)