Man rekket dea ûnder trekker

© Omrop Fryslân
In ynwenner út Blesdike is tongersdei om it libben kommen neidat er ûnder syn eigen trekker telâne kommen wie. Dat hat de plysje bekend makke. De man wie dwaande om de stobbe fan in beam oan de Lijsterbesleane út de grûn te heljen. By dat wurk kantele de trekker en bedarre de man ûnder de trekker.
De man kaam te ferstjerren as gefolch fan syn ferwûnings.