Nijefurd: kitesurfe op 2 plakken

25 mrt 2004 - 00:00

Boargemaster en wethâlders fan Nijefurd wolle it kitesurfen tenei op noch mar twa lokaasjes yn 'e gemeente tastean. It surfen ûnder in soarte fan grutte draak - de kite - mei fan b. en w. allinnich by de Potvis ûnder Starum en by de kamping oan de seedyk by Hylpen.

It kitesurfen mei dan net mear by It Soal by Warkum. Tsjin it kitesurfferbod op dat plak makken koartlyn in soad surfers beswier. De gemeenteried sil noch prate oer it kitesurf-belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)