Rel om Noardlike rekkenkeamer

25 mrt 2004 - 00:00

De Steaten fan Grinslân en Drinte driigje in eigen rekkenkeamer te begjinnen. In rekkenkeamer is in ûnôfhinklik orgaan dat op fersyk fan de steatefraksjes ûndersyk docht nei de finânsjes fan de provinsje.

De bedoeling is dat der heal april ien Noardlike rekkenkeamer komt. Dat driget no net troch te gean om't de Grinzer en Drintse steateleden lilk binne oer ekstra betingsten fan de Friezen. Sa moat bygelyks de húsfesting goedkeaper.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)