Klompe en Venema by H´fean wei

25 mrt 2004 - 00:00

SC_Hearrenfean hat de kontrakten fan ferdigeners Tieme_Klompe en Ronnie_Venema net ferlingd. Klompe is dwaande mei syn achtste seizoen by Hearrenfean, mar hat dit seizoen noch net yn aksje west fanwege in langslepende blessuere.

Venema (29) spilet ek al lang by Hearrenfean. Dat syn kontrakt net ferlingd wurdt, komt net as in ferrassing. Hearrenfean hat it kontrakt fan Said_Bakkati iepenbrutsen en dus mei Venema omsjen nei in oare klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)