Tolve himpkwekerijen oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitemoarn tolve himpkwekerijen oprôle yn de wyk Wielepôle yn Ljouwert. Ek binne der sân fertochten oanhâlden. Om acht oere moarns waard begûn mei de roai-aksje. Dêrby waard it gebied achter it Miro-terrein hermetysk ôfsletten en is alle ferkear kontrolearre.
De plysje sette sawat 100 minsken yn. Oanlieding wie in tip fan Essent. It enerzjyferbrûk soe ekstreem heech wêze yn de wyk.