Opnij wurknimmer Frisia klem set

24 mrt 2004 - 00:00

Lulke boeren hawwe op it lân fan boer Faassen by Kleaster-Lidlum in meiwurker fan sâltfabryk Frisia hindere om syn wurk te dwaan. De man, in Dútske wurknimmer fan it sâltfabryk, woe it terrein opride om fierder te wurkjen oan de oanlis fan sâltliedings fan de nije sâltwinningput by Seisbierrium. Boer Faassen hat de auto fan de wurknimmer mei in traktor klemriden.

Moandei wie der ek al in blokkade. De boeren en Frisia sille no om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)