Frachtwein sakket troch dyk
In frachtwein mei 25 ton ierappels is woansdeitemiddei yn de sleat bedarre neist de Riedsterdyk by Doanjum. De sjauffeur moast foarrang ferliene oan in oare frachtauto. Doe't de wein stilstie, sakke de oanhinger troch it asfalt en kipere de saak yn de sleat.
Der diene him gjin persoanlike ûngemakken foar. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.