Fragen FNP oer sâlttransport

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de FNP wol wite oft de oanlis fan transportliedingen troch Noardwest-Fryslân mooglik yn striid is mei de flora- en faunawet. Op it stuit wurdt drok wurke oan de oanlis fan de liedingen dy't nedich is foar it transport fan sâlt fan Seisbierrum nei fabryk Frisia yn Harns.
De wurksumheden fine plak yn it briedseizoen fan fûgels. Neffens de FNP mei dit net. Deputearre Steaten wurde no om opheldering frege.