Provinsjes nimme spoarline oer

24 mrt 2004 - 00:00

De provinsjes Fryslân en Grinslân binne it net iens oer wa't yn de takomst it spoar tusken Ljouwert en Grins eksploitearje moat. No docht NoordNed dat, mar it kontrakt dêrmei rint ynkoarten ôf.

Grinslân wol de eksploitaasje iepenbier oanbesteegje, omdat dy provinsje ek noch trije oare spoarlinen yn de oanbieding hat. Fryslân wol graach mei NoordNed fierder, om't dy it goedkeapst it bêste ferfier garandearret.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)