OM yn heger berop saak-Lusanne

© Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert giet yn heger berop yn de saak fan de ûntfiering fan Lusanne van der Gun fan Aldeberkeap. De ûntfierder fan Lusanne, in man út Ryptsjerk, krige fiif jier selstraf. It OM hie acht jier easke. De man giet sels net yn heger berop tsjin de útspraak.
De âlden fan Lusanne steane achter it heger berop. Sy fine krekt as it OM de straf fan fiif jier te leech. De saak wurdt oan de ein fan de simmer behannele