Friezen nei finale Rugkrakers

24 mrt 2004 - 00:00

Trije Friezen gean troch nei de finale fan de wittenskipswedstriid RUG-krakers fan 'e Ryksuniversiteit Grins. Yn Drachten waard Adriaan Jelsma út Ljouwert winner fan ien fan de heale finales. Hy giet Anna Hoekstra út Gytsjerk en Niels Jelsma fan Ljouwert troch nei de finale.

Dy is op 3 april yn Súdlaren. Dejinge dy't dat wint, kriget in reis oanbean nei Kazachstan. Dêr is de winner by de lansearring fan astronaut André Kuipers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)