Kooistra kampioen Frysk damjen

24 mrt 2004 - 00:00

Teake Kooistra út Hartwert is tiisdei yn Aldegea (Wymbritseradiel) kampioen wurden yn it damjen Frysk Spul. Kooistra moast oardel wike lyn noch it earste plak diele mei Marten Walinga út Aldegea yn it reguliere kampioenskip.

Kooistra wûn de partijen yn de beslissingstwakamp. Beide spilers lieten heechsteand spul sjen. Walinga kaam goed út de iepening, mar Kooistra ferdigen sekuer. Hy koe op de ein de remise feilich stelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)