'Yngripe by wurkleazensbelied'

© Omrop Fryslân
Gemeenten lizze dwers om wurkleaze jongeren wer oan it wurk te helpen. De Provinsje moat dêrom byspringe. Dat fynt GemeenteBelangen Fryslân. Neffens dy partij wolle guon gemeenten net meiwurkje oan in regeling dy't yn staazjeplakken foar wurkleaze jongeren foarsjocht.
De dwerslizzende gemeenten soene de útkearing stopsette wolle of de bonus oan de ein fan de staazje net útbetelje wolle.