Sakelju lilk oer parkearferbod

© Omrop Fryslân
De Feriening fan Ljouwerter ûndernimmers sleept de gemeente mooglik foar de rjochter. In mearderheid yn de Ljouwerter ried stimde moandei foar in parkearferbod by it âlde stedhûs. It giet om 50 plakken by it Hofplein, Raadhúsplein en Gouverneursplein.
De sakelju binne bang foar omsetferlies en komme mei aksjes. Njonken juridyske stappen komme se ek mei ludike aksjes. Sa wurde alle gebouwen oan de pleinen dêr't it om giet te hier set.