Ljouwert krijt twa nije sirenes

23 mrt 2004 - 00:00

Twa nije sirenes moatte de alarmearring by rampen yn Ljouwert ferbetterje. Ien komt yn de wyk Suderbuorren en de oar komt by Lekkum. De gemeente hat om de sirenes frege. De hjoeddeistige sirenes binne sa'n tsien jier lyn pleatst. Sûnt dy tiid binne der net folle bykommen.

De ekstra sirenes wurde no pleatst om't der in soad nije huzen bykommen binne yn Suderbuorren. By Lekkum wienen al langer problemen mei de dekking. Yn Fryslân steane no 227 sirenes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)