Wurkplakken fuort by Halbertsma

© Omrop Fryslân
By Halbertsma Pallets yn Grou geane arbeidsplakken ferlern fanwege in grutte reorganisaasje. Reden foar de reorganisaasje is it ûnferwacht fuortfallen fan in grutte opdrachtjouwer. It giet om in rubberfabryk fan Shell, dêr't Halbertsma mear as 50 jier pallets oan levere.
By it fabryk yn Grou wurkje no noch 110 minsken. By de reorganisaasje wurde twongen ûntslaggen net útsletten.