Winkellju fiere aksje

© Omrop Fryslân
Winkellju út de Ljouwerter binnenstêd sille moandeitejûn protestearje by de gearkomste fan de gemeenteried. Dat dogge se fanwege it parkearbelied.
De gemeente hat it plan om sa'n 50 parkearplakken op te heffen yn it sintrum, yn de omkriten fan it âlde stedhûs. Mar neffens de winkellju sille se dan klanten kwytreitsje, en moatte guon winkels dan ticht. De ried beslút moandei definityf wat der mei de parkearplakken bart.