Cambuur mist Van Zundert

22 mrt 2004 - 00:00

Ferdigener Michel van Zundert is moandei net beskikber by de útwedstriid tsjin AGOVV yn Apeldoarn. Van Zundert is blessearre oan 'e ankel. Hy wurdt ferfongen troch Jelmer Slager. Bernard Schuiteman is der wol wer by. Hy wie skorst.

It is de twadde wedstriid dy't meitelt foar de fjirde perioade. Cambuur ferlear de earste ôfrûne freed yn eigen stadion fan VVV mei 0-2 en dat wie in grutte teloarstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)