Aaipop krijt nije opset

© Omrop Fryslân
It popfestival Aaipop krijt in nije opset. De 17e edysje, Twadde Peaskedei, wurdt de lêste yn de wênstige formule.
It bestjoer fan Aaipop moat neitinke oer in oare opset om't De Mande yn Nijlân, dêr't it festival altiten is, ferboud wurdt. Ek strangere regeljouwing soargje der foar dat der oanpassings nedich binne. Oars kin it festival net genôch besikers lûke om rendabel te bliuwen. De organisaasje wit noch net hokker kant it op moat.