Ungelok by Rinsumageast

© Omrop Fryslân
Der hat sneintejûn in ûngelok west by Rinsumageast. Dat barde op de krusing mei de trochgeande dyk fan Ljouwert nei Dokkum, de Lauwerseewei. By it ûngelok wiene in buske en auto belutsen.
It buske woe de krusing oerstekke en waard yn flank rekke troch de auto. Troch de klap kaam it buske op syn kant telâne. Twa fan de fjouwer ynsittenden fan it buske en ien persoan út de auto moasten troch de brânwacht befrijd wurde. Sy binne nei it sikehûs brocht.