Mear foarsjennings Achtkarspelen

22 mrt 2004 - 00:00

Der moatte grutskalige foarsjennings komme yn Achtkarspelen om it toerisme en rekreaasje dêr fan 'e grûn te tillen. Dat skriuwt it kolleezje B en W fan de gemeente yn in notysje oer rekreaasje en toerisme.

It kolleezje wol dat der minimaal ien grutskalige akkommodaasje yn Achtkarspelen komt. Dat soe goed wêze foar de bedriuwichheid en de wurkgelegenens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)