Anema kampioen yn M55 maraton

© Omrop Fryslân
Karst Anema fan Stiens is sneon lanlik kampioen wurden yn de klasse 55 oant 60 jier yn de City Pier City-loop. Hy rûn de heale maraton yn 1.22.40. De hurde wyn spile de dravers parten, mar der foelen net in soad út. Anema bleau syn tichtste konkurrint fjouwer sekonden foar. By de manlju boppe de 55 wiene de 48 kandidaten foar it Nederlânsk kampioenskip.
De Bonifatiusloop yn Dokkum waard wûn troch Lamko Hulzebos.