Steigenga tred yn omloop Burgum

© Omrop Fryslân
Sierd Steigenga fan Eksmoarre is sneon tredde wurden by de twadde omloop fan Burgum. Winner waard Adriaan Helmantel fan Westeremden. It twadde plak wie foar Marcel Alma fan Harskamp.
De hurdfytswedstryd wie tige dreech troch it minne waar. In soad dielnimmers moasten belies jaan fanwege de hurde wyn en de rein. Sadwaande kamen der fan de 133 hurdfytsers mar 29 oer de finish. De rit waard ek noch 20 km ynkoarte fanwege in omwaaide beam.