Stroomsteuring by De Knipe

21 mrt 2004 - 00:00

Sawat seishûndert húshâldens yn De Knipe, Bontebok en it noardlike diel fan it Hearrenfean hawwe sneontejûn oardel oere sûnder stroom sitten. De steuring, dy't om acht oere hinne begûn wie eefkes nei healwei tsienen troch de steuringstsjinst Nuon ferholpen.

De stroomsteuring hie neat te krijen mei de stoarm fan sneontejûn, seit in wurdfierder fan Nuon. It wie it gefolch fan in spontane breuk fan in ûndergrûnske lieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)