Fersleine reaksjes nei stjerren

20 mrt 2004 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels hat ferslein reagearre op it ferstjerren fan prinses Juliana. Nijpels hie yn syn tiid as keamerlid in soad te krijen mei Juliana. Hy tinkt dat it ferstjerren fan de prinses grutte yndruk makket op de Nederlanners.

Ek Bearn Bilker, foarsitter fan de stichting Nassau en Fryslân, is ferslein. Neffens him hat Juliana ferantwurdlik west foar de modernisearring fan it Keninklik Hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)