Prinses Juliana ferstoarn

© Omrop Fryslân
Prinses Juliana is sneontemoarn betiid op paleis Soestdijk stoarn. De prinses (94) is ferstoarn oan de gefolgen fan in longûntstekking en algehiele ferswakking. Premier Balkenende hat sneon de befolking tasprutsen.
Juliana hat as keningin ferskate besites oan Fryslân brocht. It wiene foaral wurkbesites wêrby't se net allinnich mei pommeranten prate, mar ek it kontakt socht mei de boarger. Juliana wie keningin fan 1948 oant 1980.