Cambuur - VVV: 0-2

© Omrop Fryslân
Cambuur spile freed thús tsjin VVV. Dy wedstriid waard mei optimisme yn 'e mjitte sjoen, want Cambuur hat nei de winterstop op eigen fjild noch net ferlern. Mar it optimisme waard freed wreed fersteurd.
VVV Venlo rekkene gau ôf mei de fjirde perioadetitel-aspiraasjes fan Cambuur. Al nei tolve minuten profitearre Bas Jacobs fan in flater achteryn en sette de Limburgers op 0-1. Yn de 35e minút kopte Gijs Cales VVV nei 0-2.