Wâldwei net ôfsletten
Troch de hurde wyn giet de oankundige ôfsluting fan de Wâldwei dit wykein net troch. De dyk soe sneontejûn fan Hemriksein oan Garyp ta ôfsletten wurde, om't de Fonejachtbrêge in nije deklaach krije soe.
De tinte dy't oer de dyk set wurde moat, kin troch de hurde wyn lykwols net opboud wurde. No moatte de wurksumheden takom wykein útfierd wurde.