750 euro foar R. McDonald-hûs

19 mrt 2004 - 00:00

De bern fan de iepenbiere Compagnonsskoalle yn De Knipe ha freedtemiddei in cheque fan 750 euro oanbean oan kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels. It jild is bedoeld foar it Ronald McDonald-hûs yn Ljouwert.

Alden fan slim sike bern kinne dêr aanst oernachtsje. De aksje yn De Knipe wie op tou set troch de beukers fan de skoalle sels. De bern ha putsjes dien om it jild by inoar te garjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)