Terrein krûdfabryk wurdt himmele

19 mrt 2004 - 00:00

De gemeente wyt noch fan neat, mar personiel fan ûndernimmer Hennie van der Most fan Slagharen is op it stuit drok dwaande mei it skjinmeitsjen fan it terrein fan krûdfabryk Muiden Chemie yn de Kollumerwaard.

Van der Most hat yn it ferline al oanjûn dat er it terrein in goede lokaasje fynt foar in pretpark. Op 30 maart sil er mei de gemeente om 'e tafel om oer syn plannen oer te praten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)