Nij ynnovaasjeplatfoarm Noarden

© Omrop Fryslân
In nij ynnovaasjeplatfoarm foar it Noarden moat bedriuwen yn Fryslân helpe by it opsetten fan fernijingsprojekten en it oanfreegjen fan subsydzje yn Brussel of Den Haach. Dat seit direkteur Jansen fan de Fryske Keamer fan Keaphannel.
Undernimmers fersûpe no faak yn de regels en betingsten dy't ferbûn binne oan subsydzje-oanfragen. Ut ûndersyk fan de KfK docht bliken dat ynnovaasje fan grut belang is.