Seizoen foarby foar VC Snits

19 mrt 2004 - 00:00

De folleybal-froulju fan VC Snits binne tongersdeitejûn útskeakele yn de play-offs fan de folleybalkompetysje. Se ferlearen mei 1-3 fan Longa '59. De setstannen wiene 22-25, 19-25, 25-22 en 15-25.

It seizoen is dêrtroch foarby foar VC Snits. Stifting Topvolleybal hat no de opdracht om in team te formearjen dat takom seizoen yn de middenmoat fan de earedivyzje meidraaie kin. Bert Jansma is dan net mear beskikber as haadtrener.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)